Heit rydt eigen bern oan

15 jun 2012 - 20:06

By Achlum is in bern fan twa jier slim ferwûne rekke nei't de heit him oanried. De man hie mei syn bern te boadskipjen west en thús hiene se de boadskippen útladen. Doe't de man de auto noch even fersette woe ried er syn eigen bern oan.

De traumahelikopter hat de pjut mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

Trefwurden: 
ûngelok
(advertinsje)