Deade by ûngelok Harns

15 jun 2012 - 19:50

By in ûngelok yn Harns is freedtejûn in 38-jierrige Harnzer om it libben kaam. Hy kaam mei syn auto op de N31 by de Keningsbrêge yn botsing mei in oare auto. De oare bestjoerder is in man fan 37 jier út Spaarndam. Dy rekke ferwûne en hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

De dyk hat in skoft ôfsletten west sadat de plysje spoare-ûndersyk dwaan kin. Automobilisten waarden omlaat troch de stêd.

Trefwurden: 
ûngelok deade
(advertinsje)