Filologen: Frysk moat bliuwe

15 jun 2012 - 18:53

It Frysk filologekongres 2012 fynt dat der in folweardige Bachelor en Master stúdzje Fryske Taal en Kultuer bestean bliuwe moat. De ôfrûne trije dagen wie op de Fryske Akademy in filologekongres.

De dielnimmers oan it kongres binne it folslein ûniens mei de werstrukturearring fan de oplieding. Neffens har wurdt dy dan redusearre ta in marzjinale oplieding en kin der op dy wize gjin goeie wittenskiplike basis foar it Frysk mear garandearre wurde. En dat hat ek syn wjerslach op it brûken fan de Fryske taal sa sizze de filologen.

Trefwurden: 
Frysk taal filologen
(advertinsje)
(advertinsje)