Twa ferwûnen by Ferwert

15 jun 2012 - 18:38

By in ûngelok by Ferwert binne twa minsken ferwûne rekke. Op de Ljouwerterdyk kamen twa auto's mei elkoar yn botsing. De brânwacht moast it dak fan ien fan de auto's ôfhelje om ien fan de slachtoffers út de auto te krijen.

Beide slachtoffers binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De trochgeande dyk hat yn ferbân mei it ûngelok in skoftsje ôfsletten west foar ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Ferwert
(advertinsje)
(advertinsje)