Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen helpe wurkleazen

23 apr 2018 - 13:54

Wurkleazen yn de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen krije ekstra help om in baan te finen. Neffens it UWV en de gemeenten binne der foar wurkleazen kânsen op de arbeidsmerk dy't net genôch benut wurde. Sa is der in tekoart oan minsken yn de bou. Wurkleazen mei in eftergrûn yn de administraasje, dêr't minder wurk yn is, kinne dan oplaat wurde ta bygelyks lasker. Hjirmei wolle de gemeenten foarkomme dat wurkleazen yn de finansjele problemen komme as gefolch fan in útkearing of de bystân.

"As der finansjele problemen ûntstean is it foar wurkleazen faak lestich om te sollisitearjen", seit Johan Steenbeek fan de gemeente Achtkarspelen.

(advertinsje)
(advertinsje)