Ljouwert ûntfangt World Trade Centers út de hiele de wrâld

Yn it World Trade Center yn Ljouwert is it moandei ynternasjonale hannelsdei. It is foar it earst yn 36 jier dat dizze jiergearkomste fan alle WTC's yn de wrâld yn Nederlân hâlden wurdt. Fan alle 320 WTC's sille der sa'n 100 yn Ljouwert komme. It is ek in ynternasjonale moeting tusken bedriuwen: fertsjintwurdigers fan 75 bedriuwen út 40 ferskillende lannen komme byinoar om te netwurkjen en saken te dwaan.
Foar it WTC is it tige wichtich om oare hannelshuzen fan de wrâld yn Ljouwert te ûntfangen. Direkteur Evert Jan Schouwstra ferwachtet dat it ek goed wêze sil foar de Fryske ekonomy. Der wurdt foaral ynstutsen op sektoaren dy't yn Fryslân belangryk binne, lykas wetter, agro, enerzjy en sûnens.
Koartlyn stelde de provinsje Fryslân 60.000 euro ekstra beskikber om it trochgean te litten. De organisaasje hie problemen mei de begrutting, want der wiene eins te min ynskriuwingen. Ek de gemeente Ljouwert en it Fryske bedriuwslibben hawwe jild tasein. Fryslân hopet dat it evenemint goed is foar de kontakten. Fierders kin ek de Ljouwerter hoareka derfan profitearje de kommende dagen.