Psychyske opfang iepene

15 jun 2012 - 18:29

It seisde Ixta Noa Praktykhûs fan Nederlân stiet yn Ljouwert. It is freed offisjeel iepene troch âld-hurdfytser Leontien van Moorsel. It ynrinhûs is bedoeld foar minsken mei in psychyske steurnis en famyljeleden en freonen derfan. Minsken dy't har ferhaal fertelle wolle oan lotgenoaten.

Pasjinten dy't al behannele wurde troch saakkundigen binne fan herte wolkom, mar foaral minsken dy't noch net sa fier binne. Ixta Noa ûnderskiedt him trochdat se allinnich mar wurkje mei ûnderfiningssaakkundigen.

It praktykhûs wurdt betelle út de AWBZ.

(advertinsje)
(advertinsje)