Nij fabryk yn Harns makket betonblokken foar Ofslútdyk

Foar it ferheegjen fan de Ofslútdyk wurdt ynkoarten yn Harns in tydlik fabryk boud. Yn dit fabryk sille 75.000 betonblokken makke wurde dy't nedich binne foar it ferheegjen fan de dyk mei twa en in heale meter. De blokken wage 6500 kilo it stik en binne fan spesjaal materiaal makke. "De huidige basaltbekleding is niet voldoende om de Afsluitdijk te kunnen beschermen, dus daarvoor is een speciaal nieuwe steen ontwikkeld", seit Joost van de Berg fan Rykswettersteat.
En it is in yngripende oanpassing. Van de Berg: "Het is de grootste renovatie sinds de bouw van de Afsluitdijk. Dus na 85 jaar eindelijk eens groot onderhoud."
Oant 2023
Dat waard moandeitemoarn bekendmakke op in parsekonferinsje oer de oanpassingen fan de Ofslútdyk. "Tot 2023 gaat hier ontzettend veel gebeuren", seit Carlos Mollet fan Levvel, it konsortsium dat de dyk oanpakke sil. "We gaan die betonblokken 24/7 produceren. Dan leggen we ze aan met een snelheid van 30 à 35 meter per dag." Levvel stiet foar Lelie's Erfgoed Veiliggesteld.
"Minder afsluitingen in de toekomst"
"Ook de weg wordt volledig aangepakt. We verbreden de vluchtstrook, zodat de hulpdiensten te allen tijde incidenten kunnen bereiken. En door het veranderen van het wegprofiel hebben we ook minder afsluitingen in de toekomst, omdat er in de middenberm nagenoeg geen onderhoudswerkzaamheden meer nodig zijn", seit Mollet. It betsjut wol dat yn de kommende jierren net altyd de hiele dyk te brûken is.
It wurdt ek mooglik makke om oan de waadseekant fan de Ofslútdyk te fytsen. Der sil in twadde fytspaad oanlein wurde op in nij talúd.
Wurk foar 800 minsken
It nije wurk oan de Ofslútdyk set ein dit jier útein en sil wurkgelegenheid biede foar sa'n 800 minsken.
Ien kear yn de 10.000 jier
De Ofslútdyk is troch alle maatregels aanst goed genôch beskerme tsjin stoarmen dy't normaalwei ien kear yn de 10.000 jier foarkomme.
Sân út de Iselmar
It sân dat nedich is foar de oanpassingen, wurdt wûn yn de Iselmar. Om de oanfartiden koart te hâlden en de drokte yn de slûs foar te kommen, wurdt it sân mei in transportbân oer de dyk hinne nei de waadseekant. Sa ûnderfynt it ferkear dêr gjin hinder fan.
De kearslûzen wurde ek opknapt. Earder is de bûtenkant oanpakt, no wurdt ek it folsleine binnenwurk fernijd.