Tsjinstanners fracking bondelje krêften yn platfoarm

© De Vries Media
Tsjinstanners fan it fracken yn de boaiem fan Pietersyl en Grypstsjerk wolle fia in platfoarm de krêften bondelje. De inisjatyfnimmers, Dorpsbelangen Grijpskerk, Onze Klei en Grijpskerk, slute harren oan by eardere protesten fan de gemeente Kollumerlân, Wetterskip Fryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân. Se meitsje harren grutte soargen oer de plannen. Sy sizze dat it ministearje de ynwenners net goed foarljochte hat oer de gefaren fan it fracken.
De measte soargen meitsje se harren oer in brekline tusken it gasfjild by Pietersyl en de gasopslach by Grypstsjerk. Mocht der in ierdbeving komme, dan binne de ynwenners bang dat dy troch de sloppe feangrûn útgroeit ta in ''tsunami ûnder de grûn.''
Fia it platfoarm wolle de beswiermakkers jild ynsammelje, om juridyske help yn te hieren en standert-beswierformulieren beskikber te stellen. Bewenners kinne noch oant 9 maaie beswieren yntsjinje.