Jouster Jelle Roeper jout muzykles yn Kolombia

Jelle Roeper fan De Jouwer hat tsien dagen nei Kolombia west om dêr de frouljussjoband Funda Femenina te trainen en fierder te helpen. "Der binne in hiel soad marchingbands yn Bogotá, mar dizze hat in bysûnder ferhaal", seit Roeper. It is in band spesjaal foar jonge froulju. Hy is opset om se te stypjen en feilichheid te bieden. "Ik trof harren foarrich jier op it konkoers yn Kerkrade doe't ik dêr mei Advendo wie. Foar de froulju is muzyk foaral in middel om feiligens en struktuer te kreëarjen."
Funda Femenina
De stichting bestiet noch mar sûnt septimber 2017 en hat sawat santich leden fan 8 oant 30 jier. "Ik praat gjin wurd Spaansk en sy gjin Ingelsk", fertelt Roeper. "Mar ik haw wol in goed byld krigen fan de situaasje dêr't de froulju yn sitte. Der is in soad earmoed. Betelle optredens bestean net en repetearjen bart yn in park. Sels al is de kontribúsje mar 5 euro yn de moanne, der binne noch in soad dy't ôfheakje om't se it net betelje kinne." Dat komt omdat yn Kolombia gjin subsydzjes bestean. En de stichting is ôfhinklik fan kontribúsje. Dêrneist is der in soad korrupsje. "It giet dêr echt om datst ien kenst by it gemeentehûs. Ast goeie konneksjes hast, dan kinst in soad berikke."
Muzyklessen
Fjouwer jûnen hat Roeper mei de froulju fan Funda Femenina repetearre en se wienen bekôf: "Ik hâld fan hurd wurkjen en in protte spyljen. Wat wy dien hawwe, wie in soad tromjen en marsjearjen tagelyk. En dat binne se net wend. Mar se wienen wol hiel entûsjast nei de tiid." Roeper fertelt dat de froulju hurd wurkje moatte om in bestean op te bouwen, foaral om't de posysje fan froulju tsjinoer manlju hiel oars is. "Ast dat soarte fan ferhalen hearst, dan realisearrest dy wol dat muzyk foar harren in goede útlitklep is. It is foar harren in momint dat se de soargen ferjitte, dy't se tink ik folle mear hawwe as wy."
Ynstruminten
Ek de ynstruminten binne in probleem. Roeper: "It slachwurk is no krekt foldwaande. Mar dizze wike kaam der in nije oanmelding. Dy frou woe graach meispylje op bekkens, mar dat slagge no dus net. Blaasynstruminten binne der no wol te min, wat derfoar soarget dat de froulju wikselje moatte fan ynstruminten ûnder in repetysje." Roeper is drok dwaande mei it regeljen fan nije ynstruminten foar de band, mar dat is noch net sa ienfâldich. "Ik besykje om Nederlânske fabrikanten safier te krijen dat se ynstruminten beskikber stelle. Ek haw ik korpsen benadere mei de fraach oft se ôfskreaun materiaal oer hawwe. Mar dan is it noch mar de fraach oft de ynstruminten foarby de dûane komme." Ek jild opstjoere is gjin opsje. "It is nochal korrupt dêr, dus dan witst net oft it wol teplak komt."
Takomst
Nei syn reis wol Roeper noch mear neitinke oer wat er dwaan kin foar de minsken yn Bogotá en de earste aksje is no yn tou set. "In finansjele ûndersteuning foar de ynstruminten. Dat dogge we mei donaasjes en in groep fan hûndert minsken dy't foar € 30 yn it jier ûndersteuning biede oan de stichting." Roeper tinkt dat de band wol in takomst hat: "Wannear't se trochgean mei it dwaan fan goede dingen, dan kin it hast net ferkeard gean. En as wy dan út Nederlân wei wat dwaan kinne om se te helpen, is dat allinnich mar moai!"
Wolst de band folgje? Dat kin op har facebookpagina.