Ynbrekker falt fan sân meter hichte yn Ljouwert

Plysje © ANP
In ynbrekker is moandeitemoarn betiid yn de Nieuwe Oosterstraat yn Ljouwert sa'n sân meter nei beneden fallen doe't de plysje him oanhâlde woe.
De ynbrekker stie yn it raam fan de earste ferdjipping doe't de plysje kaam, mar klom doe op it dak. Dêr ferlear er it lykwicht en foel er nei beneden. De 33-jierrige fertochte is oanhâlden en mei rêchletsel nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.