Afganen nei wykein yn Burgum werom yn Zeist

De Afgaanske famylje út it azc fan Burgum, dy't útset wurde soe, mar dochs bliuwe mei, is nei it wykein werom yn Zeist. Se hawwe it wykein trochbrocht yn Burgum, mar moasten harren wer melde yn it azc yn Zeist. De famylje hat it wykein mei in soad kunden en stipers belibbe en ek in dooptsjinst meimakke.
Foarkar foar Burgum
De kristlike húshâlding krige freed te hearren dat se dochs bliuwe meie yn ús lân. Dûmny Marco Buitenhuis seit dat se nei de hektyske tiid no rêst sykje om nei te tinken oer de takomst. Der komme fan ferskate kanten suggestjes en oanbiedingen fan plakken om te wenjen. De foarkar giet út nei Burgum, mar oft dat ek barre sil is noch net wis.
Trouwerij
De famylje besiket dizze wike noch wol werom te kommen foar in besite, omdat ien fan de juffen fan de skoalle dêr't it jongste bern op sit trouwe sil.
Noch trije famyljes
Yn Burgum wenje noch trije kristlike famyljes út Afganistan. Neffens Buitenhuis binne dy noch altyd benaud dat se ek útset wurde sille.