Man rekket bewusteleas nei mishanneling yn sintrum Ljouwert

23 apr 2018 - 10:55

In 24-jierrige Ljouwerter is moandeitemoarn ier en betiid mishannele yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert. De man rekke troch de klappen út de tiid en hie ferwûningen oan syn gesicht. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Der wiene neffens de Ljouwerter twa of trije dieders.

De plysje is dwaande mei in ûndersyk en siket tsjûgen.

Trefwurden: 
mishanneling Ljouwert
(advertinsje)