Zeinstra oan sydline by heale finale Champions League

23 apr 2018 - 10:51

Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp stiet woansdeitejûn oan de sydline by de heale finale fan de Champions League tusken Bayern München en Real Madrid. It Europeeske fuotbalbûn UEFA hat it Nederlânske skiedsrjochterstrio, mei dêryn ek Björn Kuipers en Sander van Roekel, oanwiisd om dy wedstriid yn goede banen te lieden. Der geane ek noch trije oare Nederlânske skiedsrjochters mei as fjirde, fiifde en sechde official.

It is foar Zeinstra en dy it heechst helbere dit seizoen yn it Europeeske klupfuotbal. Om't se de finale fan de Champions League earder al in kear dien hawwe, komme se dêr net mear foar yn oanmerking.

Snein noch fluite it team fan skiedsrjochter Kuipers de bekerfinale tusken AZ en Feyenoord. Oer in pear wiken set foar harren de tarieding útein op it wrâldkampioenskip yn Ruslân, dat heal juny úteinset.

Trefwurden: 
Erwin Zeinstra fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)