File Ljouwert yn troch maleur en ûngelok

23 apr 2018 - 09:44

Troch in ûngelok en in pechgefal by it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert, stie der moandeitemoarn in lange file de stêd yn. De file begûn al op de Wâldwei. Nei't by it akwadukt in auto maleur krige, waard ien rydbaan ôfsletten. Yn de file dy't dêrtroch ûntstie, botsten trije auto's op mekoar. De auto's binne troch bergers fuorthelle.

Trefwurden: 
file Drachtsterwei
(advertinsje)
(advertinsje)