Jonge mislediget plysje nei't er thúsbrocht wurdt

23 apr 2018 - 09:34

De plysje yn Ljouwert hat snein twa dronken jonges oanhâlden. De plysje fûn de jonges midden op de rydbaan op de Emmakade. Se krigen in proses-ferbaal en krigen it fersyk om rap nei hûs te gean en dat net op de fyts te dwaan. Koart dêrnei fûn de plysje ien fan beiden dochs wer midden op strjitte. Sjoen syn tastân waard de jonge thúsbrocht. Dêr oankaam begûn de jonge de plysjes te misledigjen. Hy is dêrom op 'e nij oanhâlden en krijt ek hjirfoar in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
plysje dronken
(advertinsje)
(advertinsje)