Gjin merke troch brân botsauto

15 jun 2012 - 17:35

De Jouster maitiidsmerke giet dit jier net troch. De merke stie foar nije wike pland, mar om't it bedriuw dy't mei de botsauto's komme soe troffen is troch in brân wie der in attraksje minder. Om't it om in lytse merke giet, fierder allinne in sweef en in 'wip-attraksje' hat de organisaasje besletten dat it net troch giet.

Der is noch besocht om in oare botsauto nei de Jouwer te krijen, mar dat is net slagge.

Trefwurden: 
De Jouwer merke
(advertinsje)