Eardere listlûker Smallingerlands Belang stapt oer nei ELP

It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De eardere fraksjefoarsitter fan Smallingerlands Belang, Willem de Boer, slút him oan by de ûnôfhinklike partij ELP. By de gemeenteriedsferkiezingen yn maart wie De Boer noch listlûker, mar twa wiken dêrnei stapte er út de fraksje fan Smallingerlands Belang. Reden foar dat beslút wie de wurkwize binnen de partij, sei De Boer sels.
Hy joech syn sit yn de gemeenteried net werom oan de partij, omdat er it fertrouwen fan de minsken dy't op him stimd ha net skeine woe. Dy sit sil er no brûke foar de ELP.