Sit de FNP oer trije jier yn de Twadde Keamer?

23 apr 2018 - 08:25

De FNP tinkt der serieus oer nei om mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen yn 2021. It idee komt wolris faker op it aljemint by de partij, mar is oant no ta noch net wiermakke. De FNP sit op it stuit wol yn de Earste Kamer fia de OSF, de Onafhankelijke Senaats Fractie, mei Hindrik ten Hoeve. 

Oprop

Neffens foarsitter Cees van Mourik fan de FNP komt it idee om mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen fan de partijleden. "Minsken seine: we sitte no yn de Earste Keamer, soe it ek in goede tiid wêze om ris nei te tinken oer it dielnimmen oan de Twadde Keamerferkiezingen." Der is dêrom in oprop dien yn it FNP-partijblêd De Frijbûtser, dat dizze wike by de leden yn de brievebus falt: 'Wa wol meitinke oer FNP-dielname oan de Twadde Keamerferkiezingen?' 

Emosjonele diskusje

De Fryske politisy dy't no yn de Twadde Keamer sitte, fertsjintwurdigje grutte nasjonale partijen. De FNP hat de belangen fan Fryslân op it each, stelt Van Mourik. Utgongspunt is dêrom ek: wat is goed foar Fryslân? "It is fansels in emosjonele diskusje. Hjir moat hiel foarsichtich en goed oer diskusjearre wurde", sa seit de partijfoarsitter.

Kommisje

Oan de hân fan de oprop yn it partijblêd sil der in kommisje opsteld wurde, dy't dy diskusje fiere sil. De partijfoarsitter tinkt dat de útkomsten dêrfan op syn betiidst oer in healjier oan de leden foarlein wurde kinne. Dêrnei wurdt der pas in beslút naam oer it wol of net meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen.
 

(advertinsje)
(advertinsje)