Kollum: "Drege pil"

"Van den Vos Reynaerde of Karel ende Elegast. Do hast se miskien ek wol lêzen. It binne fêste yngrediïnten yn de lessen literatuer by it fak Nederlânsk. Ferhalen fan wit ik hoe lang lyn, dy't ferplichte kost wiene doe't ik op de middelbere skoalle siet. No wie ik best wol in fanatike lêzer, mar hiel earlik: ik krige der jokte fan, dizze âlde meuk.
En ik bin net de iennige dy't dizze swiere kost net sa wurdearje kin. Der is op it stuit in diskusje oer it literatuerûnderwiis yn Nederlân. Koartsein binne der twa kampen. It iene kamp wol de klassikers út de Nederlânske literatuer koste wat kost behâlde. Skriuwers as Couperus en Multatuli hawwe neffens harren ús kultuer makke sa't er no is. It oare kamp fynt dat ûnsin en is foar ôfskaffing fan dy drege pillen.
Ik wit noch goed dat ik yn it lêste jier fan de middelbere skoalle in skriuwer útkieze moast, dêr't ik fiif ferskillende boeken fan lêze soe. It waard úteinlik Bernlef, wêrom wit ik eins al net iens mear. Ik begûn mei syn meast bekende roman Hersenschimmen. Mei muoite helle ik it ein. Dêrnei folge Onder ijsbergen en Sneeuw. En ta beslút noch twa boeken, mar ik wit wier al net mear hokker wurken fan Bernlef dat west ha. Hoe't ik ek myn bêst die, ik fûn der gjin klap oan.
No sille der fêst minsken wêze dy't poerrazend wurde as ik dit sis. Bernlef is ien fan ús grutte Nederlânske skriuwers, lykas Jan Wolkers, Maarten 't Hart en Renate Dorrestein. Dat is ek sa, mar dat betsjut net dat dizze boeken dêrom geskikt binne foar pubers fan in jier as 16 om te lêzen. Allinnich Turks fruit liezen we allegear mei reade earkes fan foaren nei achteren hielendal út. Mar doe't de dosint Nederlânsk ús frege wat de efterlizzende gedachte fan de titel fan it boek eins wie, hiene wy gjin flau idee.
De fraach is dan ek oft it nedich is dat in learling út 5 havo of 6 vwo krekt wit wat it 'leitmotiv' is yn Turks fruit of Max Havelaar. Of wat de tematyk is fan it wurk fan Hella Haasse. Doel fan it fak Nederlânsk moat neffens my wêze om learlingen just oan te setten om sa folle mooglik te lêzen. Dat dit gjin Harry Potter mear wêze kin yn de boppebou, dat snap ik ek wol. Mar hjoeddeistige bestsellers soene wat my oanbelanget prima op de boekelist kinne.
Dat learlingen tenei yn plak fan Max Havelaar fan Multatuli gewoan Joe Speedboot fan Tommy Wieringa lêze. En dat se yn plak fan De ontdekking van de hemel fan Harry Mulisch rêstich De Oorsprong fan Dan Brown út de kast pakke. Fansels kin der noch wol omtinken wêze foar de skiednis fan ús literatuer, mar wat my oanbelanget krijt de literatuerlist in flinke facelift mei hjoeddeistige pageturners, sadat elkenien wer sin oan lêzen krijt.
Wolle wy in nij haadstik oan ús Nederlânske literatuer tafoege, dan moat de jeugd earst wer sin krije om yn 'e boeken te krûpen. Want om te skriuwen, moast earst lêze kinne."