Karen Brouwer wint mountainbikemaraton Kellerwald

22 apr 2018 - 21:22

Karen Brouwer fan Easterwâlde hat snein yn it Dútske Gilserberg de mountainbikemaraton Kellerwald wûn. De mountainbikester fan it team KMC-Fruit to Go die fjouwer oeren en sân minuten oer de 86 kilometer, mei 1900 hichtemeters.

Njonken Brouwer op it poadium stienen de Dútsers Bianca Reitweißner en Sarah Reiners.

Trefwurden: 
Karen Brouwer mountainbike
(advertinsje)