Dronken man fernielt túnhúske op De Lemmer

22 apr 2018 - 21:05

De plysje hat snein op 'e Lemmer in 23-jierrige Lemster oanholden. De man hie moarns betiid ûnder oare in hek en in túnhúske fernield yn de achtertún fan in hûs oan de Parkstrjitte.

Hy waard letter yn syn hûs oanholden en oerbrocht nei Ljouwert om ûndersocht te wurden. Dêr hat de dronken Lemster oant trije kear ta de azemanalyze behindere. Tsjin him wurdt proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
De Lemmer dronken
(advertinsje)
(advertinsje)