Roeister Aletta Jorritsma nasjonaal kampioen twa-sûnder

22 apr 2018 - 20:33

Roeister Aletta Jorritsma fan Tsjummearum hat snein de Nederlânske titel pakt op de twa-sûnder stjoerfrou. Tegearre mei Veronique Meester wienen se op de Bosbaan yn Amstelveen te sterk foar de konkurrinsje.

Jorritsma en Meester wienen 1.73 rapper as de favoriten José van Veen en Ymkje Clevering fan Haulerwyk, dy't twadde waarden.

(advertinsje)