Snits Wyt Swart ferrast mei oerwinning yn Hoorn

22 apr 2018 - 16:04

Snits Wyt Swart hat snein trije punten pakt tsjin Hollandia. Yn Hoorn wûnen de Snitsers mei 0-1 fan de nûmer fjouwer fan de sneinshaadklasse A.

Foar it skoft gie it aardich lykop tusken de twa teams, mar de bêste kânsen wienen foar Hollandia. De oanfallers fan de thúsploech hienen it fizier lykwols net op skerp.

Betiid yn de twadde helte kaam Snits Wyt Swart op foarsprong. Matts Bruining makke de 0-1. Dêrnei wienen op 'e nij de measte kânsen foar Hollandia. In protte ynsetten gienen oer of neist en oars stie Snits-keeper Boersma op it goede plak.

Snits Wyt Swart docht mei de oerwinning goede saken. De ploech fan Germ de Jong klimt nei it feilige tolfde plak.

(advertinsje)