Bijetelling moat bijestân yn kaart bringe

It giet min mei de bijen yn Nederlân. Fan de 360 soarten driget hast de helte te ferdwinen. Om de bijestân yn kaart te bringen, wie der dit wykein in telling dêr't elkenien oan meidwaan koe. Doel is om der achter te kommen wêr't de bijen krekt sitte en hoefolle oft der binne.
De bij is hiel belangryk foar de bestowing fan beammen, planten en gewaaksen dy't de minsken alle dagen ite. Boppedat hâlde ferskate bijesoarten de natuer yn stân. Neffens saakkundigen witte in soad minsken net dat se sûnder de bij net bestean kinne. Se advisearje om tunen, bermen en greiden fol te setten mei blommen. Dan komt de bij wer manmachtich werom.