Dichter Piter Yedema is ferstoarn

© www.sirkwy.nl
Dichter Piter Yedema is sneon ferstoarn. Hy is troffen troch in hertstilstân en stoar in pear dagen letter yn it Ljouwerter sikehûs MCL. By de iepening fan Frijlân by Ljouwert hie er woansdei noch foarlêzen.
Kommende woansdei soe er optrede by Iepen Up Live yn Neushoorn. In tal dichters bringt dan in earbetoan oan him troch fersen fan him foar te dragen.
De yn 1941 yn Boalsert berne Yedema skreau net inkeld gedichten, mar stie ek bekend as kritikus en polemist. Hy publisearre fiif dichtbondels en makke syn debút yn 1987. Hy skreau ek foar Fryske literêre tydskriften en hie in skoft in kollum yn de Ljouwerter Krante. Ek levere er bydragen oan it moanneblêd De Moanne en oan it Frysk Deiblêd.