FIDEO: Alde gewaaksen op It Bilt

21 apr 2018 - 20:17

Oan de Aldebiltdyk by Sint-Jabik is freed it evenemint 'Gewaaksefjild' úteinset. Op trije bunder lân binne dêr fyftich gewaaksen plante dy't ea diel útmakken fan de lânbou op It Bilt. Yn it midden is mei tulpen it logo fan Kulturele Haadstêd oanlein.

Doel fan it evenemint is om de minsken sjen te litten dat ús iten eins allegearre wol tichteby ferboud wurde kin en dat we der net de hiele wrâld mei oer hoege te slepen.

Oant ein septimber kinne minsken der hinne te sjen.

Trefwurden: 
gewaaksen It Bilt
(advertinsje)