FIDEO: Sjonge mei de kij

22 apr 2018 - 10:35

De kij fan boer Dijkstra yn Rottum koenen sneon genietsje fan it Westlands mannekoar. De akoestyk yn de lisboksstâl wie oerweldigjend, de kij seagen nijsgjirrich nei de sjongers en balten no en dan like hurd mei.

It koar, mei goed hûndert sjongers, stie op de balustrade yn de stâl fan melkfeehâlder Egbert Dijkstra. Oanlieding fan dit optreden wie in eardere moeting tusken Egbert Dijkstra en Albert van der Zijp, dy't santich jier lyn op de pleats tsjinoar dy fan Dijkstra berne waard en lid is fan it Westlands mannenkoor. Van der Zijp liet him doe ûntfalle dat er graach ris in kear mei it koar yn de nije lisboksstâl fan Dijkstra sjonge woe.

It koar kaam mei 110 sjongers en sa'n tritich fans nei Fryslân foar in wykeintoernee. It optreden yn Rottum wie dêr ien fan. Se songen ek op It Hearrenfean en op De Jouwer, mar dan yn tsjerken.

De koarleden songen it Frysk folksliet, it bekendste ferske oer it Westland, in soarte fan folksliet, en noch wat oare sankjes.

Trefwurden: 
koar sjonge Rottum stâl
(advertinsje)