Promoasje foar Ljouwerter wetterpoloteam Orca

22 apr 2018 - 09:52

It earste wetterpoloteam fan de Ljouwerter feriening Orca is sneon kampioen wurden. Dêrtroch promovearje se takom seizoen nei de twadde klasse fan de bûnskompetysje en binne se it iennige Fryske team dat dêryn spilet.

De hearen moasten harren kampioenswedstriid spylje tsjin swim- en poloferiening De Reest yn Meppel. Yn de earste twa perioades fan de wedstriid gong it aardich gelyk op. Orca begûn de wedstriid goed en sette fuort druk op de tsjinstanner. Mar troch sloardichheden en miste kânsen dy't it team út Meppel wol benutte, stie it 6-8 yn it foardiel foar it Ljouwerter team oan de ein fan de twadde perioade.

Orca hie in better team yn it wetter, mar dat wie noch net te sjen yn de skoare. Nei wat oanwizingen fan coach Timon Boersma joech it team de hearen fan De Reest gjin kâns mear om te winnen. It kampioenskip wie yn sicht en de iene nei de oare bal ferdwûn yn de goal fan de tsjinstanner. Mei in einstân fan 9-16 wie Orca in oertsjûgjende winner.


Twadde klasse

It folgjende seizoen spilet Orca yn de twadde klasse. Dat betsjut dat se net mear tsjin regionale teams moatte út it Noarden. Se moatte bygelyks tsjin teams út Apeldoorn, Rijssen en Zutphen, dêr't it nivo in hiel stik heger leit. Dat komt omdat wetterpolo yn dat part fan Nederlân populêrder is as yn it Noarden. Op dit stuit spilet allinnich it wetterpoloteam fan It Hearrenfean mei yn de top fan it wetterpolo, earste klasse.

 

Trefwurden: 
wetterpolo Orca kampioen
(advertinsje)
(advertinsje)