Krityk op rapport wiken

15 jun 2012 - 16:33

Sosjaal wurkers yn de Ljouwerter wiken Heechterp-Skieringen, de Wielenpolle en De Schepenbuurt hawwe krityk op it ûndersyk dat seit dat Skieringen it minste plak yn Nederlân is foar jongeren om te wenjen. Freed waard bekend dat 5 wiken yn Ljouwert yn de top 30 steane fan dy list.

De sosjaal wurkers sizze dat meldings faak dûbel dien wurde en dat net dúdlik is wat der bart nei in melding. Sa is De Wielenpolle yn twa jier tiid fan it 7de plak nei it 28ste plak gong.

(advertinsje)
(advertinsje)