Greidebrass winner op it Gouden Spiker Festival

21 apr 2018 - 22:50

De dielnimmers oan it Gouden Spiker Festival hiene sneon in tige heech nivo. Sa sei de ynternasjonale sjuery by de 23ste edysje fan it festival. Yn totaal 24 orkesten strieden yn trije difyzjes om de Gouden Spikers.

It wichtichste doel fan dit festival is om muzikanten byinoar te bringen en genietsje te litten fan harren passy: muzyk meitsje! Dat wie neffens de sjuery ek goed te hearren en te sjen. Fan jong oant âld kaam nei Oerterp om te spyljen en nei oare bands te harkjen. 

Winners

Yn de tredde difyzje gie de Gouden Spiker foar it bêste optreden nei Greidebrass fan Spannum. De sjuery rôp fan dizze band ek Jelke Boonstra út as bêste solist. Euphonia Ternaard waard ûnder lieding fan dirigint Chis van der Veen winner yn de fjirde difyzje. Gerk Huisman wie mei syn Koperensemble De Wâldsang fan Bûtenpost de winner yn de Festival Difyzje. 

Hichtepunt fan de jûn wie it galaoptreden fan de Spikerpakkeband. Sy spilen in tal stikken ûnder lieding fan de Ingelske topdirigint Robert Childs. 

Alle útslaggen binne te finen op www.goudenspikerfestival.nl

(advertinsje)
(advertinsje)