VV Hearrenfean spilet lyk tsjin Meppel

VV Hearrenfean hat sneontejûn thús lykspile tsjin MSC út Meppel. De Feansters makken de 1-0 yn de earste helte, troch in goal fan Kevin Regts. De Feansters koene dizze foarsprong lang fêsthâlde, mar yn de blessueretiid gie it dochs noch mis. Danny Bijlsma koe krekt foar it lêste fluitsinjaal de lykmakker meitsje, wêrtroch beide ploegen in punt mei nei hûs ta nimme mochten.