Aris wint en pleatst him foar de play-offs

21 apr 2018 - 21:52

It is in moai wykein foar fans fan basketbalklup Aris. De Ljouwerters hawwe har sneontejûn nammentlik pleatst foar de play-offs foar it kampioenskip. Dit diene se troch de lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen tsjin Den Helder te winnen. En trochdat Amsterdam ferlear, meie de Ljouwerters no de play-offs yn.

Aris spile thús in spannende wedstriid, en hie nei it earste kwart mar in minimale foarsprong fan 20 tsjin 19. Ek yn de twadde perioade wiene beide ploegen oan inoar weage. Dochs koe Aris de foarsprong net fêsthâlde. De Ljouwerters moasten mei in efterstân fan twa punten it skoft yn.

Nei de rêst kaam Aris poerbêst út de startblokken, en op in gegeven momint stie de ploech sels op in foarsprong fan sân punten, dochs waard dit ek wer ferspile en einige it tredde kwart yn 65-62 foar de Ljouwerters. De wedstriid bleau spannend oant en mei de slotfaze. Mei noch mar in minút te spyljen stiene de Ljouwerters mei 83 tsjin 80 op in lytse foarsprong fan trije punten. Mei in lêste ynspanning slagge it Aris om dizze foarsprong yn de lêste sekonden fan de wedstriid noch út te bouwen ta in einstân fan 85-80.

"We hebben het voor mekaar," sei in blide Gert Schurer, manager fan Aris, nei ôfrin fan de wedstriid. "Dit was de bedoeling. Het heeft veel gekost aan energie en kracht, maar we zijn zeker van de play-offs. We zijn van diep gekomen, maar hebben de boel nu aardig op de rit." It is noch net dúdlik wa't de tsjinstanner yn de play-offs wurdt, dat kin Leiden of Zwolle wêze.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)