SCO ferliest út by Tempo

21 apr 2018 - 21:17

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea hawwe sneontejûn mei 23-19 ferlern fan Tempo út Alphen aan den Rijn.

De Friezen waarden fan it begjin fan de wedstriid ôf fuortspile troch de tsjinstanner. As gefolch hjirfan seagen se nei trije minuten spyljen al tsjin in efterstân fan fiif doelpunten oan. De ploech koe nei dy earste stoarm wer wat yn de wedstriid komme, mar koe de efterstân op gjin inkel momint yn de wedstriid folslein goedmeitsje. De ploech út Aldehotpea wie dêr wol in pear mominten tichtby, doe't se it ferskil mei in tuskenstân fan 19-17 werombrocht hiene nei mar twa doelpunten.

Dochs slagge it de tsjinstanner om de oanfal fan de Friezen ôf te slaan, en de wedstriid úteinlik oer de streek te lûken.

Trefwurden: 
SCO kuorbal
(advertinsje)