Ferlies foar LDODK yn Koog aan de Zaan

21 apr 2018 - 21:00

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontemiddei de wedstriid tsjin KZ Hiltex mei 32-28 ferlern.

Mei yn totaal 60 doelpunten wie it benammen foar it publyk in moaie pot om nei te sjen. LDODK begûn de wedstriid eins al fuort mei in efterstân, want al nei tsien minuten stie der in skoare fan 5-2 op de buorden, yn it foardiel fan de thúsploech út Koog aan de Zaan. De Gordyksters hellen dizze efterstân op gjin inkeld momint yn de wedstriid mear yn.

Fjouwer doelpunten

By de rêst wie de skoare noch 17-13, mar yn de twadde helte rûn de efterstân alwer op, nei sels 26-19. Uteinlik koe LDODK it ferskil noch werombringe ta fjouwer doelpunten, mar mear siet der net yn foar de ploech.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal
(advertinsje)