Plysje yn aksje foar drank- en drugssaken

Miksdrank © Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert moast sneon meardere kearen yn aksje komme foar minsken dy't ûnder ynfloed wiene. Yn de nacht fan freed op sneon waarden aginten oproppen om't in man net goed wurden wie. By oankomst die bliken dat de 35 jierrige Ljouwerter nei alle gedachten tefolle drugs brûkt hie. Hy is mei in ambulânse nei it MCL brocht.
Sneontemiddei waard de Ljouwerter plysje oproppen foar oerlêst op it Hoeksterpaad yn de stêd. In 37 jierrige soarge dêr foar argewaasje. Hy krige fan de plysje in proses ferbaal foar iepenbiere dronkenskip.