Iepenloftspul ôflaske

15 jun 2012 - 16:25

It iepenloftspul fan Ketlik giet fannejûn net troch. Dit yn ferbân mei it waar. De organisaasje hat kontakt hân mei meteo-konsult en de rein dy't foarsein wurdt liket in probleem te wurden foar it spul.

'De Hear fan Ocksefurd' wurdt no ferskood nei sneintemiddei 3 oere. Minsken dy't in kaartsje kocht hawwe kinne hjirmei snein nei de foarstelling.

Ek it iepenloftspul fan Burgum giet net troch. Minsken dy't reservearre hawwe kinne opnij reserveare fia it emailadres op de webside.

Trefwurden: 
Iepenloftspul waar buien
(advertinsje)