'Dy Trije': genietsje yn Wurdum, Swichum en Wytgaard

Dit wykein steane de doarpen Swichum, Wurdum en Wytgaard yn it teken fan harren eigen LF2018-projekt "Dy Trije". In kulturele kuiertocht basearre op in 'âlde' leginde.
By sfearfolle lokaasjes del, optredens fan ferskate pleatslike talinten en op syn tiid in hapke en in drankje. Oer it wetter, oer de dyk en kuierjend troch de greide wurde de trije doarpen ferbûn. It is ien fan de wizen wêrmei't it tema 'ferbining' werom komt.
Ferbining spilet in grutte rol yn it ferhaal om trije bruorren hinne. Ferbining is der ek tusken jong en âld: alle leeftiden rinne mei en it âlde ferhaal wurdt ûnder oare ferteld mei de nijste techniken lykas in app mei augmented reality.
'Dy Trije' is sneon trije kear hâlden en hat snein noch trije, útferkochte, edysjes.