Hûnderten besikers foar wrâldwide fiskmigraasjedei

21 apr 2018 - 19:58

De Wrâldfiskmigraasjedei hat sneon 300 minsken nei de Ofslútdyk lutsen. De besikers koene in boattocht meitsje, in haai aaie of in eigen fiskmigraasjerivier bouwe.

Wrâldwiid wiene der mear as 500 aktiviteiten om de Fiskmigraasjedei te fieren. It doel fan de dei is om minsken bewust te meitsjen dat it wichtich is dat fisken frije trochgong krije yn de natuer. Neffens de organisaasje komt it noch te faak foar dat der dammen of diken yn de migraasjerûtes fan fisken boud wurde. Hjirtroch giet it net goed mei guon soarten. Ek de Ofslútdyk is sa'n barriêre.

Tusken 2019 en 2022 wurdt der lykwols in fiskmigraasjerivier boud. Sa kinne de bisten altyd frij swimme tusken de Iselmar en de Waadsee.

(advertinsje)