Mooglik brânstichting op skip yn Ljouwert

21 apr 2018 - 17:56

De brân dy't freedtenacht útbruts op in skip yn Ljouwert, is mooglik oanstutsen. It skip lei oan de Junokade yn Ljouwert. De brân wie oan de achterkant fan it skip, en koe al fluch útmakke wurde troch de brânwacht. Der is net ien by de brân ferwûne rekke. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe om har te melden. 

(advertinsje)