31ste Oerol festival begjint

15 jun 2012 - 16:18

Foar de 31ste kear set freedtejûn wer it Oerol festival útein. 'De wind voert het woord', dat is it tema fan Oerol fan dit jier. Op ferskate lokaasjes oer it hiele eilân hinne binne allerhanne teater en muzykoptredens te sjen.

Sa is ûnder oare Alexandra Broeder wer werom mei har suksesfolle produksje Wasteland. Dizze waard ek op edysje 2007 spile. Dit jier is der in folslein nije cast. It is de lêste kear dat Oerol rykssubsydzje krijt. Takom jier moatte se dy 4 ton misse.

Trefwurden: 
Skylge keunst Oerol kultuer
(advertinsje)