VV Bûtenpost kampioen nei in 6-1 oerwinning op de Zeerobben

21 apr 2018 - 16:51

VV Bûtenpost is sneontemiddei kampioen wurden fan de earste klasse E, en hat dêrmei ek de promoasje nei de haadklasse binnen.

De kampioensploech kaam earst noch mei 1-0 achter te stean troch in doelpunt fan Dylan Drent. De spiler fan Zeerobben koe troch in slipperke achteryn skoare. Fuort dêrnei koe Rob Dijkstra de skoare lykwols lyk meitsje, en net folle letter kamen de Bûtenposters al mei 2-1 foar te stean troch in goal fan Rudmer Loonstra. Net in minút letter kaam ek it tredde doelpunt op it skoareboerd te stean. Rolf Dijk wie de doelpuntemakker.

Yn de twadde helte wiene de ploegen mear yn lykwicht en oan inoar weage. Dochs koe Rolf Dijk yn de 66ste minút de 4-1 meitsje. De senuwen fan de supporters wiene dêrnei sa goed as fuort, en it 'kampioenen, kampioenen' klonk oer it fjild hinne. De fans fan Bûtenpost wiene mei twa bussen nei de útwedstriid yn Harns reizge om it eventuele kampioensfeest mei te meitsjen.

Hattrick

Rolf Dijk makke yn de 82ste minút nei in foarset fan Joran Olijve ek noch syn hattrick kompleet, wêrmei't de skoare op 5-1 kaam. Joost Jesse Visser tekene foar de lêste treffer, wêrmei't Bûtenpost de einskoare op mar leafst 6-1 sette. Hjirnei koe it feest begjinne.  

(advertinsje)