Slachte op alle Omrop media

15 jun 2012 - 15:30

De Slachtemarathon is sneon op allerhanne wizen te folgjen by Omrop Fryslân. Sa binne der oer de hiele rûte ferslachjouwers fan radio en tillevyzje oanwêzich. De wedstriid moarns betiid is dêrneist ek te folgjen fia it ynternet: op www.simmerynfryslan.nl en it twitteradres @simmerynfryslan. De start fan de maraton is om healwei sânen.

Fia foto@omropfryslan.nl kinne de hiele dei troch foto's fan de Slachtemaraton stjoerd wurde nei de Omrop. Dizze komme dan werom op de site fan Simmer yn Fryslân.

(advertinsje)