Jeugd hat minder belangstelling foar wettersport

It wettersportseizoen is sneon yn Snits iepene. Op de wetterbûlevaar hâlden sa'n fyftich wettersportbedriuwen iepen hûs. Om it middeisoere hinne wie it noch net sa drok. "Der is tsjintwurdich safolle oanbod foar de jeugd om te dwaan, dat it ten koste giet foar harren belangstelling yn de wettersport," seit Elbrich van der Meulen. Sy ferkeapet mei har man bûtenboardmotoaren en boaten op yndustryterrein It Ges yn Snits. "Faak giet de leafde foar wettersport fan generaasje op generaasje. Mar in boat keapje is in grutte oanskaf. De jeugd kiest leaver foar in dei-aktiviteit lykas suppe, flyboarde of wetterskye. Of se hiere in boatsje."
Besiker Jasper Visser hat sels in sloepke. Mar alles kostet jild: 'koop een boot en werk je dood'. "Onderhoud, benzine opslag, het kost allemaal geld." Hy krige de leafde foar de wettersport fan syn heit.