"Ljouwert fertsjinnet kuorbal-topklup"

21 apr 2018 - 12:42

Ljouwert soe eins in kuorbal-topklup ha moatte, dat fynt de direkteur fan it Koninklijk Nederlands Korfbalverbond Kees Rodenburg. Gearwurking tusken de trije ferieningen dy't der no binne soe sa'n doel tichteby bringe kinne, ferwachtet Rodenburg. Fan in fúzje wol hy noch net sprekke, mar mienskiplik oplûke, benammen by de jeugd soe in moai begjin wêze. 

Yn Buro de Vries mear oer skiednis en takomst fan it kuorbaljen yn Fryslân, nei oanlieding fan it 100-jierrich bestean fan de Friesche Korfbal Bond.

Geert Keuning hat in boek skreaun oer it begjin en de betide ûntwikkeling fan kuorbal yn Fryslân. De allerearste kuorbalwedstriid yn Fryslân - tusken frouljustolvetallen - waard al op 10 july 1904 spile. Yn it boek 'Korfbal in Friesland' is in wiidweidich oersjoch fan hast alle ferieningen yn Fryslân.


 

(advertinsje)