Groep út Wommels yn Sweden foar tarieding LF-foarstelling

21 apr 2018 - 10:40

In groep fan tweintich minsken út Wommels is dizze wike yn Vollsjö, yn Súd-Sweden, foar in projekt fan Kulturele Haadstêd. It giet om minsken mei in beheining, kliïnten fan Tywerthiem (Talant), dy't dêr sjonge sille mei in Sweedsk koar dêr't ek minsken yn sitte dy't in beheining ha.

Dêr wurde fideobylden fan makke, dy't brûkt wurde sille yn in foarstelling fan it projekt 'Under de Toer' yn de tsjerke fan Wommels. Dy foarstelling 'De profylfoto fan Klaas' is yn septimber en oktober. It is in foarstelling oer it belang fan in beaken yn ús libben. De produksje is trijetalich: Frysk, Nederlânsk en Sweedsk.

(advertinsje)