Greonterp earet eardere ynwenner skriuwer Gerard Reve

21 apr 2018 - 12:25

Yn Greonterp is de skriuwer Gerard Reve (1923-2006) eare mei in plakette. Hy wenne dêr tusken 1964 en 1971 yn 'Huize het Gras' oan de Doarpswei. De plakette is sneon ûntbleate yn bywêzen fan Hans Wiegel, wethâlder Stella van Gent, pastoar Van der Weide en de eks-partners fan Gerard Reve, Willem van Albada (Teigetje) en Henk van Manen (Woelrat). 

"De steen is een waardige vervanging voor de urn met zijn as die hier niet zal komen," fertelt Woelrat. "Het is een afsluiting, maar tegelijkertijd ook een vernieuwing." De perioade yn Greonterp hat him bot foarme, seit er. Dat jildt ek foar Teigetje. "Ik denk er nog bijna dagelijks aan, er zijn zoveel herinneringen."

Nei ôfrin fan de plechtichheid wie by de klokketoer fan Greonterp in doarpsdiner, mei op it menu 'Kipje Rozijn'. Dat wie Reve syn feestgerjocht. "Met veel knoflook, rozijnen en rode wijn," lizze Teigetje en Woelrat út.

Reve yn Fryslân

De ûntbleating is ûnderdiel fan it gruttere projekt 'Reve yn Fryslân', dat diel útmakket fan Kulturele Haadstêd. Dêrby binne in kuier- en fytsrûte, panielen yn Greonterp, Blauhûs en Westhim mei foto's en ynformaasje. Yn Greonterp binne libbensgrutte foto's fan Reve, syn partners en de doarpsbewenners út de perioade dat er yn Fryslân wenne. Yn de klokketoer fan Greonterp binne filmbylden fan Reve, út in dokumintêre fan Omrop Fryslân. Yn Blauhûs is in tentoanstelling oer it skriuwerskip fan Gerard Reve.

De aktiviteiten binne oant en mei 30 septimber alle dagen fergees te besjen. 



 

(advertinsje)