Definsje: tefreden oer ferrin Frisian Flag

21 apr 2018 - 08:39

De rêst is werom op de fleanbasis Ljouwert. De measte dielnimmers oan de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag binne freed wer ôfset nei hûs. Fleantugen út Frankryk, Spanje, Poalen, Dútslân en Amearika dienen mei oan de grutte oefening. Twa wiken lang fleagen se twa kear deis in misje. 

"We hebben meer dan 900 vluchten uitgevoerd en veel mensen op kunnen leiden," leit basiskommandant Arnoud Stallmann út. "We hebben goed kunnen oefenen, ik ben trots op mijn personeel en wil ook de omgeving bedanken." Dit jier hie de organisaasje mear ynset op iepenheid, mei omtinken foar omwenners dy't se útnûgen op it fleanfjild om te sjen. "Die openheid hebben we als positief ervaren, we hebben de omgeving geïnformeerd over waarom het nodig is. Er is natuurlijk geluidsdruk als je met straaljagers vliegt, dat kunnen we niet wegnemen. We kunnen wel uitleggen waarom we de oefening doen."

De Amerikanen bliuwe noch in wike langer om te oefenjen. De F-35, opfolger fan de F-16, wurdt ein 2019 ferwachte yn Ljouwert. Dêr wurde no noch allerhanne testen mei dien.

(advertinsje)