NOM hat mear as 16 miljoen euro ynvestearre yn 78 bedriuwen

21 apr 2018 - 08:20

De Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de NOM, hat ferline jier mear as 16 miljoen euro ynvestearre yn 78 bedriuwen. It giet sawol om nije as útwreiding fan besteande ynvestearringen. Ek Fryske bedriuwen hawwe fan de NOM bydragen krigen, sawol op it mêd fan ynnovaasje, ekonomyske groei as eksport. Neffens direkteur Siem Jansen fan de NOM giet it wer better mei de ekonomy. Dat is te sjen yn de ynvestearringen dy't de bedriuwen dogge.

"De investeringsbereidheid van bedrijven is groter," fertelt Siem Jansen. De NOM ynvestearret foar de helte yn startende bedriuwen. "Een voorbeeld daarvan is een bedrijf dat isolatiemateriaal uit papierpulp maakt. Een ander bedrijf, dat in Drachten zit, maakt couveuses voor nieren en levers die worden gebruikt bij transplantaties." Net alle startende bedriuwen rêde it op. Sân fan de tsien geane fallyt. "We zien wel dat bedrijven die eerder failliet gingen, nu weer van start gaan en het nu wel redden." Oer ien ding is Jansen minder tefreden. "De export blijft achter. Niet dat Friezen niet ambitieus zijn, maar het kan beter. Er mogen wel een paar tandjes bij."

(advertinsje)