Afgaanske famylje mei de trein werom yn Fryslân

De Afgaanske famylje dy't freed te hearren krige dat se net útsetten wurde, is wer even werom yn Burgum. Se sitte no formeel yn in azc yn Zeist, mar dêr hoege se harren minder faak te melden as earder by it Burgumer azc. Dêrom koenen se freed yn Zeist op de trein stappe nei Feanwâlden ta. Dêr waarden se opwachte troch sa'n 25 freonen. Dêrnei binne se mei in auto nei Burgum ta reizge.
De fiif Afganen wienen bliid dat se werom yn it noarden wienen. Se woenen alle minsken betankje dy't harren holpen ha.
De famylje waard ferline wike freed út it azc fan Burgum helle om útset te wurden nei Afganistan. Se wienen nei Zeist brocht en hienen it fleanticket nei Afganistan al krigen. "De gevangenis in Zeist was een verschrikkelijke plek. We zijn nu vrij", fertelde de 12-jierrige Paresa, it âldste fan trije bern. "Het was een zware week, we zijn heel blij dat we in Nederland blijven."
Ontlading
"We waren bang dat we maandag op Schiphol zouden staan om ze uit te zwaaien, maar nu staan we gelukkig hier op het perron," fertelt dûmny Marco Buitenhuis. "Na een week vol spanning, verdriet en onzekerheid, was de ontlading heel groot dat ze toch mogen blijven. De week in de gevangenis heeft er best ingehakt, vooral bij de kinderen, maar nu leven ze weer in vrijheid."